Fiskôfslaggen net rendabel mear

06 apr 2005 - 07:02

De kâns is grut dat de fiskôfslach fan Harns of Lauwerseach ferdwynt. Dat seit de direkteur fan de fiskôfslach op Urk.

De fiskôfslaggen yn it Noarden draaie min. Dy fan Harns ferwurke goed 33% minder en dy fan Lauwerseach goed 60% minder ferlike mei ferline jier. Dat komt om't garnalefiskers hieltyd mear foar de Deenske kust fiskje en de fisk dêr ek oan wâl bringe. Yn dy sitewaasje soe der yn Nederlân mar plak wêze foar trije of fjouwer ôfslaggen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)