Bus yn sleat: twa ferwûnen

05 apr 2005 - 22:28

By in ûngelok mei in bus fan NoordNed binne tiisdeitemoarn twa famkes ferwûne rekke. In bus fan line 63 nei Bûtenpost gliid tusken Mitselwier en Dokkum yn 'e sleat. Dat kaam omdat de dyk glêd wurden wie troch modder.

De famkes binne mei ambulânses nei it sikehûs ta brocht. De bussjauffeur is dêr foar kontrôle ek hinne gien. De bus hat oeren yn 'e sleat lein. De bus is der tiisdei yn de rin fan de middei úttakele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)