Nij plan foar Frysk as fak

05 apr 2005 - 17:52

Learlingen yn it fuortset ûnderwiis krije tenei net langer Frysk as fak, mar Fryske taal en kultuer. Yn it nije ramtlearplan stiet dat der mear omtinken komt foar de kultuer yn Fryslân en de relaasje tusken dy kultuer en de taal. Sa moatte bern mear motivearre wurde om de taal te learen.

It ramtlearplan is de earste stap nei in nije lesmetoade dy't yn 2007 klear wêze moat. Neffens deputearre Mulder is mei dit plan in goede earste stap set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)