Diel wapenynstruksje yn bûtenlân

05 apr 2005 - 15:32

De oplieding foar wapenynstrukteurs fan de fleanbasis Ljouwert moat foar in part nei it bûtenlân ferhûzje. Dat fynt Geart Verf fan Doarpsbelang Marsum.

De oplieding wurdt sa'n seis moanne yn it jier jûn, mar soarget foar mear as de helte fan alle klachten oer lûdsoerlêst. Om't der ek Noaren en Portugezen oan de oplieding mei dogge, liket it Verf wol sa earlik dat in part fan de oplieding dêr jûn wurdt. De fleanbasis wol dêr lykwols net oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)