Weening wurdt 37ste yn Baskelân

© Omrop Fryslân
Pieter Weening fan De Harkema is yn de earste etappe fan de Ronde fan Baskelân 37ste wurden. Weening siet yn it earste peloton, krekt as syn ploechmaat Michael Boogerd. Dy waard sande. De earste etappe gie fan Zarautz nei Zarautz oer 133 kilometer.
De Italiaan Danilo di Luca gong as earste oer de streek. Dizze ronde, dy't opnommen is yn de Pro Tour, duorret noch oant en mei 8 april. Tiisdei wurdt nei La Legana riden oer 166 kilometer.