Unrêst by sportfiskers

05 apr 2005 - 10:08

Der is ûnrêst ûnder sportfiskers. Sy binne benaud dat beropsfiskers de stân fan ûnder oaren de snoekbears nei ûnderen helje. Beropsfiskers meie yn de takomst op skubfisken fiskje no't se yn Fryslân hast gjin iel mear fange.

Der binne lykwols berjochten dat beropsfiskers no al op snoekbears fiskje. Dat soarge foar ûnrêst by de sportfiskers. Om dat del te bêdzjen organisearre de Fryske Behearskommisje moandei in spesjale ynrinjûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)