Miljoeneskea by brân jachthaven

04 apr 2005 - 21:51

De brân yn in skiphûs yn 'e Ljouwerter jachthaven oan de Greuns hat mooglik miljoenen euro's skea feroarsake. Der binne fiif boaten ferlern gien. In pear oare rekken skansearre. By de brân is asbest frijkaam. Om't der net in soad wyn stie, bleau it grutste part fan de asbest op it jachthaventerrein lizzen.

Moandei waard begûn mei it opromjen fan de asbest. De jachthaven is de grutste oerkape fan West-Europa. Inkelde hûnderten boaten ha dêr har lisplak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)