Frisian Boat Show suksesfol
De Frisian Boat Show hat tsientûzen minsken lutsen. De show waard it ôfrûne wykein foar de tredde kear yn Koudum hâlden. It tal besikers is 2500 mear as ferline jier.
De besikers koenen proeffarre mei goed tachtich syl- en motorboaten. Om't der in grut tekoart is oan oerkape romte foar stands, wol de organisaasje takom jier tinten delsette by de haven.