Gjin staking by Pieterman

04 apr 2005 - 12:02

It personiel fan glêsfabryk Schott Pieterman yn Easterwâlde sil earst net stake om it fabryk iepen te hâlden. Der wurdt noch ûnderhannele mei fakbûnen en direksje oer in sosjaal plan. Om dan mei in wylde staking te kommen, fynt de ûndernimmingsried net ferstannich.

Sneon hat der in ynformaasjemiddei west foar it personiel. Dat hat freed te hearren krigen dat it fabryk noch foar de simmer tichtgiet. In lytse 90 man rekket syn baan kwyt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)