De Jouwer wint fan RKHVV

© Omrop Fryslân
Yn de haadklasse C hat De Jouwer snein mei 1-0 wûn fan RKHVV. It lei yn 'e ferwachting dat de Jousters dizze thúswedstriid winne soene fan de ploech dy't ien-nei-lêst stiet. De Jousters steane no op it tredde plak.
De kâns is grut dat ek Sneek takom jier yn 'e haadklasse spylje sil. De Snitsers wûnen snein yn de 1e klasse F mei 2-1 fan Germanicus. As se nije wike de útwedstriid tsjin SVBO winne, binne de Snitsers kampioen en promovearje se.