Harkemase Boys - Putten: 1 - 3
De Harkemase Boys spilen sneon op eigen fjild striemin. Op sportpark De Bosk waard mei 1-3 fan Putten ferlern. André van Tuinen makke de iennichste Harkemagoal yn 'e twadde helte. Koprinner Excelsior ferlear by AVC. De Boys hiene dus by winst hiele goeie saken dwaan kinnen.
In dúdlike oarsaak foar it swakke optreden wie der net. Der siet domwei te min fuotbal yn 'e ploech om kânsen ôf te twingen.