ONS ferliest by WHC

© Omrop Fryslân
ONS ferlear sneon de útwedstriid yn Wezep fan WHC. ONS begûn goed oan de wedstriid en krige in pear knappe kânsen, mar WHC skoarde as earste: 0-1. Leo de Wagt makke de lykmakker: 1-1.
Nei rêst skoarde WHC wer. Diskear soarge Sandor van der Heide foar de lykmakker: 2-2. Snits besocht noch wakker om te winnen, mar WHC makke flak foar tiid de winnende goal: 3-2. ONS stiet no 10de mei 25 punten, en dat is mar fiif punten mear as de ûnderste.