Theun de Vries Genoatskip

02 apr 2005 - 12:13

Der is in Theun de Vries Genoatskip oprjochten. Dat is freed bekend makke op in sympoasium yn Feanwâlden. It genoatskip stelt him ten doel de neitins fan de skriuwer yn eare te hâlden. It giet dan foaral om de bysûndere relaasje tusken Feanwâlden en De Vries.

De nestor fan de Nederlanske literatuer waard yn 1907 berne yn Feanwâlden. De Vries ferstoar yn jannewaris dit jier yn Amsterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)