Oaljefersmoarging yn Snits

02 apr 2005 - 11:37

Troch in flater fan in skipper is yn in ynstekhaven fan de Houkesleat yn Snits 200 leter oalje yn it wetter rûn. It giet om bilgewetter, wetter ûnder út de romp, dêr't oaljeresten ynsitte. It oaljeplak wie 25 meter lang.

It wetterskip hat de oalje opromje litten troch spesjalisten. De skipper hie de fersmoarging net melden en krige dêrom proses-ferbaal. Njonken Snits wiene der ek meldings fan fersmoarging út Grou, Nijskoat en Nijetrine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)