Befrijdingsfeest 2006 Ljouwert

© Omrop Fryslân
It Nasjonale Befrijdingsfestival begjint takommend jier yn Ljouwert. It bestjoer fan it Fryske festival hie besocht om dat dit jier al te regeljen, mar dat is net slagge.
Dat it yn 2006 wol kin, komt omdat it Frysk Festival net trochgiet. De provinsje hat dêrom jild oer, dat yn it Nasjonale Befrijdingsfestival stutsen wurde kin. De nasjonale fariant kostet twa kear safolle as it festival fan dit jier: in lytse trije ton.