Smeding Sint Anne wreidet út

© Omrop Fryslân
Ierappel-, griente- en fruitgruthannel Smeding fan Sint Anne nimt de griente-ôfdielings fan Ven Internationale Versmarkten oer. It bedriuw groeit dêrtroch fan 135 nei 165 wurknimmers.
Mei de oername sit Smeding no mei 25 bedriuwen ferspraat oer it hiele lân. De omset groeit dit jier mei 10 persint. Fanwege de groei moat it bedriuwspân yn Sint Anne útwreide wurde. Dat wurdt trije kear sa grut.