Fetter-fertochten ûntkenne

© Omrop Fryslân
Beide fertochten yn de saak-Fetter hâlde fol dat se neat te krijen hawwe mei de dea fan Manuel. Fetter waard yn septimber ferline jier yn Ljouwert mei 14 messtekken om it libben brocht.
De saak kaam tongersdei foar de rjochter. Ta útspraken kaam it net, want der moatte noch tsjûgen heard wurde. Harren ferklearrings binne fan grut belang om't der by de fertochten hast gjin bewiismateriaal fûn is lykas bloedspoaren.