Talantwinkel Wurdum draait min

31 mrt 2005 - 16:28

By de Talantsupermerk yn Wurdum driigje banen te ferdwinen as der net gau mear klanten komme. De lêste tiid is der de helte minder ferkocht omdat der wurke wurdt oan de dyk. De lieding fan 'e supermerk ropt doarpsbewenners op om dochs ien kear yn de wike del te kommen foar boadskippen. Yn de supermerk wurkje minsken mei in ferstanlike handikap. As der net gau mear klanten komme, moat de winkel mooglik definityf ticht, seit Talant.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)