Liberation giet net troch

© Omrop Fryslân
It dancefestifal Liberation op It Hearrenfean op 5 maaie giet net troch. De organisaasje XL Dance krijt gjin tastimming fan de gemeente. De plysje hat te min minsken om it festival yn goede banen te lieden. It feest soe earder al fan Thialf nei in plak oan de A7 ferpleatst wurde, mar giet no oer. De organisaasje wol mei de gemeente prate oer de takomst fan grutte dûnsfeesten. Ferline jier luts Liberation 3000 besikers.