Dales mei Amsterdammer bliuwe

31 mrt 2005 - 11:17

Boargemaster Dales fan Ljouwert mei noch oant 1 novimber ynskreaun stean as ynwenner fan Amsterdam. Dat hat de ried fan Ljouwert woansdeitejûn besletten.

Dales wennet om belestingtechnyske redenen offisjeel noch yn Amsterdam, omdat er syn hûs dêr noch net ferkocht hat. De gemeente betellet de kosten foar syn hierhûs yn Ljouwert. Der wie opskuor oer dy sitewaasje ûntstien, mar de ried jouwt Dales noch oant novimber de tiid om syn hûs kwyt te reitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)