Aaisikerspas net ferplichte

31 mrt 2005 - 07:18

Oer it aaisykjen bliuwt in protte betizing. Foar in soad aaisikers is it noch hieltyd net dúdlik wat wol of net mei yn de greiden. Sa waard oant no ta tocht dat in aaisikerspas ferplichte wie. Mar dy pas is hielendal net nedich, sa hat justysje woansdei bepaald.

It aaisikersferbod hâldt de aasikers al twa wike lang yn de besnijing. Neffens Gerben Heslinga fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten is de kommunikaasje min.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)