Ferkearsoertreder hurder oanpakt

© Omrop Fryslân
Minsken dy't geregeld ferkearsregels oertrede, wurde hurder oanpakt. Dat hat it iepenbier ministearje bekend makke. Allinne boetes jaan helpt net genôch.
De plysje sil oertreders ynstee dêrfan fertelle dat se yn de gaten hâlden wurde sille. At se dan opnij betrape wurde, pakt justysje earder as no it rydbewiis ôf. It giet foarearst om in proef yn Noardeast-Fryslân. As dy slagget, folget de rest fan Fryslân ek.