Treinferkear bliuwt by NoordNed

31 mrt 2005 - 06:30

NoordNed fersoarget de kommende fyftjin jier it treinferkear yn Fryslân. Dat hat de provinsje bekend makke nei in iepenbiere oanbesteging. It giet om de linen Ljouwert-Starum, Ljouwert-Harns en Ljouwert-Grins. Ek yn Grinslân bliuwt it treinferkear by NoordNed.

Noordned sil de Wadlopers ferfange troch lichtere treinen. Fierder wurdt it tal sneltreinen tusken Ljouwert en Grins útwreide en wurdt ûndersocht oft der faker treinen nei Snits ride kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)