Dieder omseagjen beammen socht

30 mrt 2005 - 21:53

De plysje siket minsken dy't mear witte fan omseage beammen yn Dongeradiel. Yn dy gemeente binne de ôfrûne tiid op acht plakken sûnder fergunning beammen omhelle. It giet om beammen dy't eigendom binne fan de gemeente.

It giet de dieders net om it hout, want de beammen binne nei it omseagjen net meinaam. De beammen waarden ûnder oare delhelle by it picknickplak tusken Eanjum en Moarre, yn Wetsens en by it begraafplak yn Mitselwier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)