'Brandaris earst bemand litte'

© Omrop Fryslân
In tal leden fan de Twadde Keamer fynt dat de Brandaris op Skylge foarearst bemand bliuwe moat. Neffens har giet Rykswettersteat te hurd by syn beslút it personiel fan de fjoertoer ûnder te bringen yn de seefeartskoalle op Skylge. Yn de Brandaris sels komme dan kamera's dy't bylden trochjouwe.
Neffens de keamerleden is earder ôfpraat earst te besjen oft kamera's wol like feilich binne as direkt tafersjoch troch minsken.