Fytspaad lâns N358 bliuwt

30 mrt 2005 - 14:50

It fytspaad lâns de provinsjale dyk tusken Stynsgea en Bûtenpost bliuwt foar it grutste diel bestean. It wurdt net ferfong troch in paralleldyk. Dat hat de provinsje besletten nei protesten út de doarpen lâns de dyk.

Ynwenners fan de doarpen binne benaud foar de feiligens fan fytsers, at dy op deselde dyk ride as lânbouferkear. Der komt no in paralleldyk neist it fytspaad. Allinne op de brêge Blauforlaet ferdwynt it fytspaad wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)