Hakansson fuort by Hearrenfean

30 mrt 2005 - 14:34

Jesper Hakansson giet fuort by fuotbalklub Hearrenfean. De spiler wie dit seizoen útliend oan RBC Roosendaal, mar syn kontrakt wurdt net ferlingd. De Deen besiket no in klub yn it bûtenlân te krijen.

Ek it kontrakt fan seis oare spilers wurdt net ferlingd. It giet om de Belgen Spencer Verbiest en Emmerik de Vriese, de IJslander Ari Skúlason en Martijn Barto en Glenn den Uyl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)