Noch gjin oplossing foar Oreel

© Omrop Fryslân
Der is noch gjin oernamekandidaat fûn foar it Ljouwerter bedriuw Oreel. Ferline wike frege de fabrikant fan ûnder oare elektroanyske ferkearsbuorden útstel fan betelling oan. De rjochtbank joech in kurrator doe in moanne de tiid om mei in oplossing te kommen.
Der wurdt no besocht it bedriuw te ferkeapjen, oernamekandidaten binne der lykwols noch net. By it bedriuw wurdt noch wol gewoan wurke.