Aaipop yn nije styl

29 mrt 2005 - 06:23

Moandeitemiddei is de 18e edysje fan Aaipop útein set yn Nijlân. Aaipop is in festival mei allinne mar Fryske bands dy't sjonge yn de Fryske taal. Dit jier stuts Aaipop yn in nij jaske.

De opset is dit jier oars as wat wenst wie. Dat hat te krijen mei de ferbou fan multifunksjoneel sintrum De Mande dêr't Aaipop hâlden wurdt. De harksankjeseal is ferdwûn, mar der is wol in grutte tinte by kaam. Sa kin de organisaasje mear minsken kwyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)