Remon de Jong yn 'Sixpack'

© Omrop Fryslân
Rapper Remon de Jong, bekend fan Faktor Freed, sil nei alle gedachten no ek lanlik op televyzje ferskine. Hy is troch it SBS6-programma Sixpack frege om as korrespondint yn Fryslân op te treden.
Sixpack is in jongereinprogramma oer allerhanne saken. It wurdt makke troch seis fêste meiwurkers. Benammen ûnder studinten is it programma populêr. Fan maaie ôf is Sixpack wer op televyzje te sjen.