Smits pakt titel NK Snooker

29 mrt 2005 - 06:18

Saskia Smits fan It Hearrenfean is Nederlânsk kampioen snooker wurden. Yn Ridderkerk wûn Smits de finale mei 3-0 fan Lea Lindhout. Earder hie de Feanster fan de titelferdigenster en de nûmer ien fan Nederlân Rosanna Lo-A-Tjong wûn.

Gerrit bij de Leij út Appelskea waard twadde. Yn de finale ferlear hy fan Stefan Mazrocis, dy't syn titel prolongeare. Nei in 2-0 foarsprong foar Bij de Leij waard it 5-2 foar Mazrocis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)