Brânlucht troch peaskefjoeren

28 mrt 2005 - 15:30

De meldkeamer fan de plysje Fryslân hat in soad ferûntrêste telefoantsjes krigen fan minsken dy't in brânlucht fernimme. De meldings komme fanút de hiele provinsje, sa seit in meiwurker fan de meldkeamer.

It docht bliken dat it giet om peaskefjoeren yn Dútslân. Troch de wyn komt de reek hjir hinne en om't it wat dizich is, bliuwt it ek goed hingjen. De brânlucht kin de hiele peaske noch oanhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)