Pleats yn Boyl útbaarnd

28 mrt 2005 - 14:40

In fûle brân hat sneontemiddei in renovearre wenbuorkerij oan de Boekelterwei yn Boyl folslein yn de jiske lein. De eigners hiene sa'n tsien jier wurk hân oan de ferbou fan de wenning.

Der wiene gjin minsken yn de buorkerij doe't de brânwacht sneon om it middeisoere hinne de melding krige. By oankomst wie der al neat mear oan te rêden. De pleats is útbaarnd. Stifting Salvage hat it gesin ûnderdak jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)