Oanhâldings yn Surhústerfean

28 mrt 2005 - 12:38

By in grut piratefestival yn Surhústerfean hat de plysje acht minsken oanhâlden. Twa fanwege wylplasserij en seis om't se de helptsjinsten it wurk ûnmooglik makken. Op it festival kamen 8000 minsken ôf en oant middernacht wie it rêstich.

Om in oere of ien kaam der in melding fan de befeiliging oer ûnrêst. In soad minsken wiene net goed wurden troch tefolle drank. Guon besikers kearden har ek noch tsjin de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)