Aris wint fan Giants
De basketballers fan Woon!Aris út Ljouwert ha sneontejûn mei 76-93 wûn fan Myleasecar Giants út Bergen op Zoom. Aris stiet no op in sande plak yn de earedivyzje. Fan de 25 spile wedstriden hat Aris 12 wedstriden wûn en 13 wedstriden ferlern.
Takom tiisdei spilet Aris thús yn sporthal it Kealledykje tsjin EiffelTowers út Nijmegen.