Donker op steande foet ûntslein

© Omrop Fryslân
Coach Erik Donker (45) is op steande foet ûntslein as trainer fan sealfuotbalklub Heerenveen/De Koningshof. Donker krige sneontemiddei fia de tillefoan fan foarsitter Leemburg te hearren dat er dien krijt. Neffens de foarsitter hat dat te krijen mei útlittings fan Donker yn de Ljouwerter Krante. Wa't de nije coach wurdt, is noch net bekend. Hearrenfean stiet op dit stuit ûnderoan yn de earedivyzje.