Oosterbaan spant koart pleit oan

© Omrop Fryslân
Bestjoerslid Anke Oosterbaan fan it Frysk Hynstestamboek spant in koart pleit oan tsjin eks-foarsitter Jaap van der Meulen. Hy wol op 25 april al in ledegearkomste ha yn stee fan 29 april.
Neffens Oosterbaan is dat net yn it belang fan de feriening en skept it gaos. Van der Meulen hat op syn beurt noch gjin beslút naam oer it koart pleit tsjin Oosterbaan. Sy moast freed har ekskuses oanbiede yn it Faktor Freed oer útspraken oer Van der Meulen.