Arrestaasjes by fûllear-aksje

27 mrt 2005 - 12:32

Der hat freedtejûn in previntyf fûllear-aksje west yn it sintrum fan Ljouwert. De plysje hat earst 25 en letter 15 man ynset by de aksje. Der binne 287 minsken fûlleard en 58 auto's kontroleard. De plysje pakte trije minsken op omdat se in wapen by har hiene. It gong om pepperspray, in dolk en in gasbuske.

In 19-jierrige soldaat út de gemeente Dongeradiel waard oanhâlden om't er XTC-pillen by him hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)