Jonge mûnders socht

© Omrop Fryslân
It Gild Fryske Mounders liedt de needklok. As der net gau nije frijwillige mûnders komme, sille in soad mûnen yn Fryslân fergean. Benammen foar de efterôfmûnen yn de polders moatte nije minsken komme.
It leafst ek jonge mûnders, want de klub fergrizet hurd. It Gild is út ein set mei in wervingsaksje mei iepen dagen. Op it stuit binne der 90 aktive mûnders foar 135 mûnen en dat is dus net genôch.