Nije farferbining iepensteld
De nije farferbining tusken Houkesleat en de Swette is fan sneon ôf yn gebrûk. De farferbining leit yn de rûte tusken Snits en Ljouwert en is ûnderdiel fan de Middelseerûte.
Troch de iepenstelling kinne skippen fan maksimaal twa en in heale meter heech en in djipgong fan 1 meter 30 no mei gemak fan Snits, fia de Houkesleat en de Swette nei Ljouwert ta.