Futsal: Hearrenfean ferliest

26 mrt 2005 - 12:50

De sealfuotballers fan Hearrenfean De Koningshof ha freed thús mei 3-7 ferlern fan Konica Minolta út Goirle. Mei noch trije wedstriden te spyljen is degradaasje út de earedivyzje eins net mear foar te kommen.

It sealfuotbalteam fan Avanti út Stiens wûn freed mei 7-3 fan it al degradearre 't Hoekje út Oldenzaal. Avanti bliuwt ien nei ûnderste stean yn de earste divyzje, op grutte ôfstân fan de konkurrinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)