'Nije Audi's en BMW's te djoer'

26 mrt 2005 - 12:36

De steatefraksje fan de PvdA wol witte wêrom't it provinsjebestjoer in tal djoere nije tsjinstauto's oanskaft hat. It giet om djoere auto's fan de merken BMW en Audi. Se kostje sa'n 85.000 euro it stik. De PvdA fynt de oanskaf fan de auto's belachelik sjoen de grutte besunigings.

De auto's wurde kocht by Autoland Van den Brug. Deputearre Ploeg hie dêr earder in hege funksje. Mooglik is der sprake fan belangeferstrengeling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)