Spul om merknamme Kameleon

25 mrt 2005 - 20:20

De makkers en promoters fan de twadde Kameleonfilm daagje útjouwer Kluitman foar de rjochter. Ynset binne de rjochten fan de merknamme 'Kameleon'. It skeel tusken beide partijen giet oer it promoasjemateriaal foar de twadde Kameleonfilm.

It giet bygelyks om de Kameleonfyts fan Batavus en de potten nútsjesmoar fan Calvé. Kluitman wol net lije dat dêr de merknamme Kameleon foar brûkt wurdt. De rjochtsaak tsjinnet nije wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)