Museum Belvédère ek jûns iepen

© Omrop Fryslân
Museum Belvédère yn Oranjewâld giet fan ien april ôf ek jûns iepen. Op tongersdei en freed is it museum tenei iepen fan 11 oant 9 oere jûns. Mei dizze nije 'Frânske iepeningstiden' giet in winsk fan konservator Tom Mercuur yn ferfolling.
It museum foar moderne keunst is op 24 novimber ferline jier iepene troch keninginne Beatrix. De belangstelling is oant no ta grut. Der hawwe al 30.000 besikers yn it museum west.