CDA op besite by Te Plak

© Omrop Fryslân
In tal leden fan de CDA-fraksje yn de Twadde Keamer hat freed op besite west by Te Plak yn Lekkum. Fia dy organisaasje kin de 'wite wurkster' ynhierd wurde. In wite wurkster hat in offisjeel arbeidskontrakt.
It kabinet wol de wite wurkster ôfskaffe, omdat der te min gebrûk fan makke wurdt. Te Plak sjocht wol foardielen en hat dy dúdlik makke oan de CDA-fraksje. Dy sil no besykje it regear op oare gedachten te bringen.