Plysje fynt drugs yn skilderijen

25 mrt 2005 - 15:05

De plysje Fryslân hat ferline wike yn yn Ljouwert trije minsken oanhâlden, fanwege de ynfier fan kokaine. It giet om in frou (50) út Drachten, in man (20) út Schiedam en in Kolombiaan (24) dy't yn Spanje wennet.

Se binne oanhâlden yn in hûs yn Ljouwert dêr't de plysje de kokaine ek fûn. Dy siet ferstoppe yn it glês fan 237 skilderijkes. De drugs ha in strjitwearde fan 200.000 euro. De man út Schiedam sit fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)