Friezen gol by kollektes

25 mrt 2005 - 14:52

Ynwenners fan Fryslân jouwe it measte fan alle Nederlanners oan kollektanten. Dat seit it Centraal Bureau Fondsenwerving (CBF), dat hjir sifers oer byhâldt.

Yn 2003 joech in Fryske hûshâlding gemiddeld 11,10 euro. Dat is hast twa euro mear as de nûmer twa op de list, Oerisel. Brabanders joegen it minste: 5,48 euro. It measte jild gie nei organisaasjes dy't har ynsette foar de sûnens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)