Ynspraak oer hal op 'e Lemmer

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Lemsterlân meie har miening jaan oer de bou fan in tritich meter hege hal by it bedriuw Polem op 'e Lemmer.
It kolleezje fan b en w stelt de ried foar op koarte termyn mei de ynspraakproseduere te begjinnen. Dy proseduere is nedich omdat de bestimming fan it terrein dêr't de loads komt, feroare wurde moat. Oktober ferline jier gie de ried al akkoard mei plannen foar de bou fan de loads.