Werynrjochting Lemsterpolders

© Omrop Fryslân
Tusken De Lemmer, Follegea en de Grutte Brekken wurdt dizze wiken begûn mei de werynrjochting fan de Lemsterpolders. Yn it gebiet wurdt in part fan de lânbougrûn feroare yn natuer. Fierder wurdt der in fytspaad oanlein en wurde in pear sleatten yn ferbining brocht mei it iepen wetter. By de brêge komme ek oanlisplakken foar boatsjes. Oer de plannen is jierren praat.