Sintrale yn seefeartskoalle

25 mrt 2005 - 11:20

De fjoertoerwachters fan Skylge ferhúzje fan de Brandaris nei it maritym ynstitút Willem Barentsz. Se komme dêr te wurkjen yn de nije seeferkearssintrale foar de Waadsee, dy't alle fjoertuorren ferfangt.

Rykswettersteat hat ûndersocht oft it mooglik wie om de ferkearssintrale yn de Brandaris te festigjen, mar dat kin net. It wurkplak fan de fjoertoerwachters moat dêr te bot foar oanpast wurde, fanwege de Arbo-easken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)